Books Should Be Free
Loyal Books
Free Public Domain Audiobooks & eBook Downloads
Search by: Title, Author or Keyword

Clipsrymkes   By: (1816-1887)

Book cover

First Page:

CLIPSRYMKES,

FEN

H.G. VAN DER VEEN.

[Illustration]

TO FRENTJER, BY W.J. BRUINING, Kz. 1846.

De wereld is een hangklok: de slinger is 't vrouwelijk geslacht en 't gewicht is de geldzak.

Proeven van een Nieuw Satyrisch Woordenboek, Vad. Letteroefeningen.

Voor je 't rechte komt te weten, Is je halve tijd versleten.

ROMKE PAK

WIRDTJE FOÄRAOF.

Clips Rymkes! scille jimme wol sizze, Læsers ! Clips Rymkes? dat is tjuster. Just , tjuster is 't, in dat woe 'k eack mey dit wird to kennen jaen. Ick hoopje mar, dat it jinge jimme fierder sjen scille , ljeacht wirde mey; in dat 't jimmen net giet, as mey 'n hopen buwcken, mey ljeachte opschriften (titels) in tjustere ynhalden .

Freget min lyckwols neyer uetlizzinge fen 't wird, ick scil myn bæst er op dwaen, muwlk wirdt it yn allen sa klaer net, as oare foärredens: now, den mat dit eack mar ien clips wirdtje foäraof hjitte .

De Hollâners neame socke rymkes Snavel , ( by forkoärtinge : snel, eygentlick beck, snou ) Punt as Hekeldichtjes; as leawwer: hwat hja mey dy trye wirden sizze wolle, siz ik mey dit iene.

Eclips, as lyck as wy , Friezen, sizze : Clips rymkes binne it, it iene is wol hwat tjusterer (bedeckter) as 't oare, mar allegeärre draeye se sa folle wol, dat er hjirre as dære altiid wol ien rântje beditsten wirdt; howol 't ick just net op ien prick aof wil , ho 't it draeit, as ho 't it snijdt, declineert, aofwycket, neyerkomt, op graeden, menueten in seconden aof, lyck as de loftgeleerden in hymelkindigen. Mar dit wyt ick: lyck as er onderscheid ynne greatte fenne Clipsen ynne Natuwr is, sa scil min hjir aeck onderscheid sjen: altiid binne myn Clipsen net allycke moay; dit hinget sims simpel fen 't waer aof .

Min hat ommers sa goe' waer (moay waer, inkelde daegen alheel gen waer) ynne boärgerlicke, sedelicke, steatkindige wrald in yn ues breinkasten as ynne Natuwr. (JEAN PAUL maake miniatur clipsen yn syn huwshaldinge ).[A]

Dærby is de iene folle gouwer klear as de oare, mey to sizzen: "'t is ljeacht, as: "'t is tjuster!" kreckt as min 't sjucht by ien sinneclips, dy 't de kickerts oan 't raesen bringt, omt hja miene, dat de nacht harren oerfalt, wyl 't greater beesten, minder forfeard, stil de beusichheit fenne dey foartsette. Eack kin ien lytse clipse sims mear tumult meitse, as ien greaten, as er mar klaer waer treft: dit seagen wy oan JAN KAREL JOSEPHUS VAN SPEYK, de 5 Feb. 1831, ynne heldere daegen fenne tjiendeysce fieldtogt. In waerd sa, by Napoleons tiiden, de lytse broederscip net beclipse troch 'e greate fryheid in gelyckheit ?

Ién forsiik lyckwol, Læsers! to wyten: tink net, dat ick de iene as de oare mey dizze as jinge wirden op 't each hie, wol saecken. It rymke : "Op Immen," mey er de schyn fen hawwe, it wæsen ontbreckt er oan; went it is louter de weärrega fen Op Iemand (as Ingelinne). In is 't, da min sims by de earste læsinge mient, dat it wol sa is; as dat min net sjen ken, wær 't igge as ein fæst sit, yn 't jinge ick op pompier maulke læs noch 'ris, in tink er ien byttje op ney, as 't jimmen beleaft! in jimme scille fornimme, dat ick my sels faeker beclipse as ien oar. Ynne Natuwr giet 't ommers eack sa; went moânne in sinneclipsen binne eigentlick ierdclipsen. Yn 't earste gefal blieowt er meastentiid noch al ien byttje ljeacht oer, in ien sinneclips is sims wol ris tiige great, mar noait totael: ien lytse bol ken ommers ien greaten noait al heel in de al wey meitse; lytse ljeachten noait de greate al heel fortjusterje, it haldt mey ien lytse schymer al hird op: better ken ien great bol him sels beclipsje. Mochte it eack al ris barre, dat myn clipsen jimmen to swart, to tjuster in to gleuan as sa hwat binne och, minscen! wol se hwat trogge fingers sjen, in tink: "hwa is er oppe wrald dy dær buwten kin?"

Duennega, 1845... Continue reading book >>




eBook Downloads
ePUB eBook
• iBooks for iPhone and iPad
• Nook
• Sony Reader
Read eBook
• Load eBook in browser
Text File eBook
• Computers
• Windows
• Mac

Review this book



Popular Genres
More Genres
Languages
Paid Books